Nijsgjirrich en ekstra omtinken

Kursus Leauwe yn Fryslân 2023 / 2024

Yn dizze kursus wurdt reflektearre op de situaasje fan tsjerke en leauwen yn de (histoaryske) kontekst fan Fryslân. Oan de hân fan de besteande teologyske fakken (histoarysk, Bibelsk, systematysk en praktysk) wurdt de kursist troch in ferkenningstocht ynwijd op it mêd fan leauwen en teology yn de Fryske kontekst.

Lês hjir mear oer dizze kursus

Foar fragen kinne jo skilje (0517-341859) of e-maile mei Tytsje Hibma (tytsjehibma@gmail.com) of Liuwe Westra (06-30837586).

(Ofbylding fan it skilderij ‘Buorkerij mei koalsied’ fan Jentsje Popma)

Bernard Smilde priis 2023

Der is foar in nije opset keazen foar de Bernard Smilde priis. Foar de priis komme yn oanmerking:

Persoanen en/of organisaasjes dy’t him/ har der foar ynspand hawwe dat nije, oersette en besteande Fryske kristlike lieten en/of teksten, heard, songen en/of lêzen wurde.

De priis sil ien kear yn de twa jier útrikt wurde oan in persoan of oan in organisaasje. Sjoch de nijsberjochten foar mear ynformaasje.

Bibelbylden troch Willem Tjerkstra

It earste gedicht fan Bibelbylden waard skreaun yn oktober 2012 en gie werom nei it paradys, dêr’t de earste minske syn replyk joech op ’e pracht fan de skepping:  Replyk op it paradys. Dêrnei rûn gedicht nei gedicht op mei de Bibelboeken, mei útsûndering fan in lyts tal fan dy boeken, oant en mei Iepenbiering.

Lês hjir fierder

Nije Fryske lietebondel

foto LLL

It earste eksimplaar waard oanbean oan de foarsitter fan Stifting Krúspunt Sipke Huismans, en oan ds. David de Jong. De Jong wie redaksjelid en ien fan de meiwurkers, dy’t in hiel grut oandiel hân hat yn it ta stân kommen fan de bondel. Jo kinne dizze bondel bestelle fia Krúspunt.

Mear ynformaasje

Útstjoerings Tsjerketsjinsten Fryslân


Yn 2024 set Omrop Fryslân wer útein mei rjochtstreekse útstjoerings fan tsjerketsjinsten op sneintemoarn om 10.00 oere (werhelling om 12.00 oere). Yn april sille de tsjinsten fan “Tsjerke fan de Moanne” útstjoerd wurde fan út “de Grote Kerk” te Harns.

lees hier het hele persbericht.

Wurkgroep Fryske fespertsjinsten, Ljouwert

De wurkgroep út de titel organisearret Fryske fespertsjinsten yn ’e Grutte of Jacobiner Tsjerke te Ljouwert en wol op de fjirde snein yn ’e moanne, jûns om 7 oere, yn jannewaris, febrewaris, maart, april, maaie, juny, septimber, oktober en novimber. Yn de fakânsjemoannen july en augustus net, yn desimber allinne as it net ûngaadlik útkomt mei de Krystdagen. Sjoch de oankundiging fan ’e tsjerketsjinsten yn ‘Geandewei’ en op dizze site (boppe oan yn de aginda).

Ek it kulturele elemint krijt syn gerak troch meiwurkers foar deklamaasje en ynstrumintale of fokale muzyk. Fêste begelieder op it moaie oargel is Peter van der Zwaag, de oargelist fan de Grutte Tsjerke. De foargongers komme út tsjerken fan ’e brede oekumene.

Op it heden bestiet de “Wurkgroep Fryske Fesper” út de folgjende persoanen: Jant van der Weg-Laverman (foarsitter), Klaske Straatsma-Westerhof, Martha de Boer-van Slooten, Teake Posthuma, Meindert Reitsma, André Looijenga, Alex Riemersma (ponghâlder en oantekens) en Peter van der Zwaag (oargelist).

De tsjinsten wurde dus holden yn de Grutte Tsjerke, Ljouwert en wurde fia in livestream – www.jacobijner.nl/kerkdiensten – útstjoerd.

Dielnimmende organisaasjes

Binne jimme in organisaasje dy’t de Fryske taal of in Fryske streektaal brûkt by kristlik-spirituele en/of tsjerklike aktiviteiten? Slút jim dan oan by Krúspunt. Der binne al in soad organisaasjes dy’t har by Krúspunt oansletten hawwe, lyk as:

En noch folle mear! Sjoch foar in oersicht de side Dielnimmende organisaasjes. Twifelje net langer en meld jo organisaasje oan!

Oanmelde by Krúspunt